Warning: file_put_contents(/opt/frankenphp/design.onmedianet.com/storage/proxy/cache/920af41d57136da5c4c4352a174b5aca.html): Failed to open stream: No space left on device in /opt/frankenphp/design.onmedianet.com/app/src/Arsae/CacheManager.php on line 36
Warning: http_response_code(): Cannot set response code - headers already sent (output started at /opt/frankenphp/design.onmedianet.com/app/src/Arsae/CacheManager.php:36) in /opt/frankenphp/design.onmedianet.com/app/src/Models/Response.php on line 17
Warning: Cannot modify header information - headers already sent by (output started at /opt/frankenphp/design.onmedianet.com/app/src/Arsae/CacheManager.php:36) in /opt/frankenphp/design.onmedianet.com/app/src/Models/Response.php on line 20 WikipedySpringe nei ynhâld
Martha's Vineyard (útspr.: [ˈmaɹθəz ˈvɪɲəɹd], likernôch: "mar-zus win-jurd") is in Amerikaanskeilân yn 'e Atlantyske Oseaan, dat ek wol koartwei "the Vineyard" neamd wurdt. De namme betsjut letterlik "Martha har Wyngerd". Martha's Vineyard heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steatMassachusetts. It leit foar de súdeastkust fan dy steat, rjocht besuden it skiereilân Cape Cod. It omfettet ek it 'eilân' Chappaquiddick, dat eins in skiereilân fan Martha's Vineyard is. It eilân waard bewenne troch de Yndiaanske Wampanôk (Wampanoag) foar't de Ingelsen it yn 1642kolonisearren. Yn 'e njoggentjinde iuw spile Martha's Vineyard in wichtige rol yn 'e walfiskfeart. Yn dyselde snuorje hie it eilân troch in relatyf folle foarkommende erflike foarm fan dôvens in maatskippij dy't hast hielendal twatalich wie, mei njonken it Ingelsk ek it MVSL, in pleatslik ûntwikkele foarm fan dôvegebeartetaal. Yn 'e iere tweintichste iuw wie Martha's Vineyard it lêste ûntwyk fan 'e heidehin (Tympanuchus cupido cupido) foar't dy fûgelútstoar. Tsjintwurdich hat it eilân de namme in fakânsjeoarde foar de superriken út Boston en New York te wêzen. De permaninte befolking bestiet út krapoan 21.000minsken, mar simmerdeis, as alle fakânsjehuzen bewenne wurde, waakst it ynwennertal oan ta mear as 200.000minsken.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Plaatsje fan de wike
In froulike arbeider yn in fleantúchfabryk yn Burbank (Kalifornje), juny 1942.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.